Anty-oarlochsaksje yn Ljouwert

07 okt 2001 - 00:00

Sa'n 40 minsken demonstrearden sneintejûn yn it sintrum fan Ljouwert tsjin de Amerikaanske oanfal op Afghanistan. De organisaasje woe sa sjen litte dat guon minsken tsjin de oanfal binne. De aksjefierders hiene inoar telefoanysk oproppen om nei it Waachplein te kommen.

Under de demonstranten wiene ek in stikmannich Afgaanske flechtlingen. Der wiene ek aksjes yn Grins en Amsterdam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)