Anty-fandalisme skoalprojekt

11 okt 2004 - 10:09

Alle 510 basisskoallen yn Fryslân jouwe ynkoarten les oer fandalisme en sinleas geweld. Dat is it doel fan plysje Fryslân dy't dêr it projekt 'Loop niet Mee' foar betocht hat. Sneon waard dit projekt lanseard op de iepen dei fan de Fryske plysje yn Snits.

Doel is om jonge bern by te bringen dat fandalisme net stoer is en dat geweld sinleas is. It binne neffens de plysje aktuele tema's sjoen de deadlike stekpartij okkerdeis yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)