Antwurd op krityk tsjinstauto's

11 apr 2005 - 17:08

De provinsje sil oer twa jier de oankeap en it gebrûk fan de nije tsjinstauto's evaluearje. Dat antwurde deputearre Ton Baas op fragen fan de PvdA-steatefraksje. Dy fynt dat de provinsje te djoere auto's oanskaft hat en dat it net suver is dat se by in bedriuw weikomme dêr't deputearre Ploeg earder direkteur west hat.

Neffens Baas is de provinsje binnen it budzjet bleaun en is de priis per kilometer akseptabel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)