Antoniussikehûs krijt karmerk

22 nov 2012 - 20:17

It Antoniussikehûs yn Snits hat in karmerk krigen foar de help oan minsken mei in stoma. Dat betsjut dat it sikehûs foldocht oan de noarmen foar de stomasoarch, dy't opsteld binne troch de pasjinteferiening. It giet dan bygelyks om de beskikberheid fan artsen dy't ferstân ha fan stomasoarch.

It Snitser sikehûs is toetst op dy noarmen en der is ek praat mei pasjinten. Op grûn dêrfan hat de pasjinteferiening it karmerk krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)