Antonius Zorggroep hat fragen oer ekstra thússoarchjild

05 des 2015 - 11:48

Bestjoerder Jack Thiadens fan Antonius Zorggroep dêr't de thússoarch Súdwest-Fryslân ûnder falt, fynt it goed dat der ekstra jild komt foar de thússoarch. Mar it is noch wol de fraach oft de maatregels ek echt goed útpakke sille, is er fan betinken.

Freed waard bekend dat it kabinet miljoenen ekstra yn de thússoarch stekt, nei fûle protesten út de sektor. De wichtichste nije punten binne it netsjes kontraktearjen, it kombinearjen fan funksjes en it net mear ynsetten fan alphahelpen foar de thússoarch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)