Antonius-sikehûs tige gastfrij

29 maaie 2009 - 09:36

It Antonius-sikehûs fan Snits is it op ien nei bêste sikehûs fan Nederlân as it giet om gastfrijheid. De Gastfrijheids-award wurdt útrikt oan de soarchynstelling dy't lekker iten en drinken, wenjen en in noflike útstrieling it heechst yn it findel hat.

It sikehûs wurdt goed beoardiele op syn kafetaria en de plezierige wachtromten. It Antonius is it iennichste sikehús út it Noarden dat yn de top-10 stiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)