Antonius Sikehûs siet trije kertier sûnder stroom

07 apr 2016 - 16:50

It Antonius Sikehûs yn Snits hat tongersdeitemiddei trije kertier sûnder stroom sitten. Dat hat kwalik foar problemen soarge, trochdat der needfoarsjennings binne, meldt it sikehûs. Sa die it needaggregaat syn wurk fuortendaliks.

Alle ôfdielingshaden en it management sieten binnen in pear minuten om 'e tafel om maatregels te bepraten. Operaasjes en oare risikofolle yngrepen waarden útsteld oant der wer stroom wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)