Antonius sikehûs organisearret merk foar groanysk siken

07 nov 2014 - 12:15

It Antonius sikehûs yn Snits organisearret 11 novimber in ynformaasjemerk foar minsken mei in groanyske sykte en harren famylje. It sikehûs docht dat yn it ramt fan de Wike fan de Groanyske Sykten. Op de merk steane stands fan pasjinteferienings en spesjalisten fan it sikehûs. Deskundigen jouwe ûnder oare ynformaasje oer diabetes, Parkinson, MS en epilepsy, mar ek oer hûdproblemen lykas ekseem.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)