Antonius bliuwt yn Emmeloard

19 jul 2013 - 12:02

De Antonius Soarchgroep út Snits bliuwt definityf yn Emmeloard. De soarchgroep hat in kontrakt tekene foar de oankeap fan bougrûn oan de Urkerwei yn Emmeloard. It Antonius sikehûs wol dêr in permaninte sikehûsfoarsjenning bouwe. Yn de nije fêstiging komme deselde tsjinsten as dy't no oanbean wurde. Derneist wurdt ûndersocht of útwreiding fan it soarchoanbod nedich is. It Antonius sikehûs hat sûnt 2007 in fêstiging yn Emmeloard, mar dat wie yn in tydlik gebou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)