Anton Wachter-priis útrikt

04 nov 2006 - 17:03

De skriuwer Christiaan Weijts hat sneon yn Harns de Anton Wachter-priis 2006 yn ûntfangst naam foar syn boek Art. 285b. De twajierlikse priis is bedoeld as oanmoediging foar skriuwers dy't mei in romandebút komme.

Weijts krige 2500 euro en in replika fan it Anton Wachter-byld yn Harns. Tagelyk wie ek de útrikking fan de Ina Dammanpriis foar de bêste stúdzje nei de skriuwer Simon Vestdijk. Dy gie nei Spiros Macris.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)