Antoinette de Jong twadde op 500 meter by EK allround

09 jan 2016 - 13:32
  • It poadium op de 500 meter by it EK allround yn Minsk

Antoinette de Jong is sneon twadde wurden op de 500 meter by it EK reedriden yn it Wyt-Russyske Minsk. De rydster út Rottum klokte in tiid fan 39.76 en moast dêrmei allinnich winneres Ida Njåtun út Noarwegen foargean litte. Njåtun sette in winnende tiid fan 39.74 del. Ireen Wüst einige as tredde mei 39.90. Yn in streekrjocht gefjocht mei Martina Sábliková wie Wüst de rapste. Sábliková einige as fjirde mei 39.98.

Letter op de dei komme de froulju op 'e nij yn aksje op de 3 kilometer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)