Antoinette de Jong pakt brûns op 1500 meter yn Thialf

12 mrt 2016 - 15:38

Antoinette de Jong hat sneon it brûns pakt op de 1500 meter by de wrâldbekerfinale yn Thialf. De rydster út Rottum klokte in tiid fan 1.56.32. De winst gong nei de Amerikaanse Brittany Bowe, dy't mei 1.54.34 har lângenoate Heather Richardson-Bergsma foar bleau. Richardson waard twadde mei 1.54.90.

Yn it einklassemint gong de wrâldbekertitel nei Brittany Bowe. Twadde waard Richardson, folge troch Marrit Leenstra. De rydster fan Wikel einige sneon as fiifde op de 1500 meter mei in tiid fan 1.56.65.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)