Antoinette de Jong op dreef

10 des 2012 - 10:07
  • Antoinette de Jong yn aksje op de 3 km

Reedrydster Antoinette de Jong fan Rottum hat har goed sjen litten by de wrâldbeker foar junioaren yn Inzell. It 17-jierrige lid fan Jong Oranje stie trije kear op it poadium. Se wûn de 1500 meter yn 1.59.76 en de 1000 meter yn 1.17.81. Op de 500 meter waard De Jong tredde yn 39.81. Op de beide koarte ôfstannen betsjutte dat in persoanlik rekôr. Reina Anema fan De Gordyk, ek lid fan jong Oranje, waard twadde op de 1500 meter yn 2.03.40. Anema pakte boppedat de winst op de 3000 meter mei 4.17.39.

Yvonne Nauta waard it ôfrûne wykein twadde yn Haarlem by de Kraantje Lek. De Twellingeaster wûn de 1500 meter, waard twadde op de 3000 meter en fjirde op de 500 en 1000 meter. De einoerwinning wie foar Irene Schouten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)