Antke van der Wal hâldt op

06 maaie 2005 - 17:25

Antke van der Wal hâldt op mei fierljeppen. De 29-jierige ynwenster fan Gryptsjerk jout as reden dat de motivaasje fuort is. Boppedat kin de fierljepster it net goed kombinearje mei har ûnregelmjittige wurk.

Van der Wal is de suksesfolste fierljepster fan Fryslân oait. Op dit stuit is sy noch hâlder fan it Frysk -en nasjonaal rekord mei 15.30 meter. Derneist wûn se njoggen kear it Fryske Kampioenskip en 154 deititels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)