Antillenflat wer yn opbou

18 okt 2011 - 16:09

Tiisdei is in begjin makke mei de opbou fan de galerijen fan de Antillenflat yn Ljouwert. De konstruksje stiet los fan de flat en is makke fan stiel en betonnen platen. Dat is feiliger as de eardere konstruksje, wêrby't de galerij fêst siet oan de flat.

Ein maaie bruts troch betonrot de boppeste galerij ôf en stoarte nei ûnderen. De ôfrûne moannen binne de âlde galerijen fuorthelle om romte te meitsje foar nijbou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)