Antillenflat: foar kryst werom

27 sep 2011 - 22:33

Foar de kryst kinne bewenners fan de Ljouwerter Antillenflat werom nei harren hûs. Undersyk wiist út dat it beton yn de flat net oantaaste is. Yn de plaat fan de galerij dy't fan njoggen heech delkaam, hat fan de pleatsing yn 1965 ôf in skuor sitten.

Dêrtroch begûn de bewapening te rustkjen. De oare platen hawwe wol wat korroazje, mar dat is net gefaarlik. Bewenners reageare ferromme. Guon hierders wolle net werom omdat se in oar hûs krigen ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)