Antike marmelade oanspield

12 jan 2012 - 10:15

Piet Metz fan Bueren op It Amelân hat woansdei twa antike potten op it strân fûn. It binne marmeladepotten fan it Skotske bedriuw James Keiller & Sons út Dundee. De potten binne nei alle gedachten ôfkomstich út in skipswrek. Se soene mear as hûndert jier âld wêze. De firma makket noch altiten marmelade, mar ferkeapet dy tsjintwurdich yn modernere potten.

Foar sammelers binne de potten nijsgjirrich, mar net bysûnder weardefol. Se binne inkelde tsientallen pûnen wurdich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)