Antike bus Hofstra stellen

30 des 2005 - 14:01

Unbekenden ha tongersdeitenacht de reade antike Switserske bus stellen by Jan Hofstra Reizen yn Drachten. De bus stie op it terrein by de loads fan it bedriuw.

De eigner warskôget de dieven om't it gefaarlik is mei dizze aparte bus te riden. It stjoer sit nammentlik oan de rjochterkant en dat is fansels yn Nederlân net gewoan. De bus wurdt simmerdeis ynset foar ritten troch it Drents-Friese Wold.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)