'Antibioatika moat út wetter'

09 jul 2014 - 19:10
  • Laboratoarium Wetsus

Wettersuvering kin in grut wapen wurde yn de striid tsjin antibioatika-resistinsje. Dat sizze wettertechnology-sintrum Wetsus yn Ljouwert en it UMCG yn Grins. Se komme mei in mienskiplik ûndersyk nei de baktearjes dy't resistint binne tsjin de hjoeddeiske antibioatika.

Troch it wetter yn de takomst noch better te suverjen, wurdt de fersprieding fan resistine baktearjes fia it oerflaktewetter en de boaiem tsjingien. Dat is belangryk, want resistinte baktearjes binne skealik foar de sûnens. In simpele baktearje kin de minske dan fataal wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)