Anti-smookkampanje GGD

05 apr 2007 - 18:29

De GGD-Fryslân is tongersdei begûn mei in anty-smookkampanje. Doel is om minsken dy't ophâlde wolle mei it smoken te stypjen. De GGD biedt trainingen oan om de minsken te helpen.

Om de start fan de kampanje krêft by te setten dielt de organisaasje in wike lang ludike jiskepantsjes út. De kampanje giet ek by de kantoaren del. De GGD stribbet dernei dat der yn 2010 acht persint minder smokers binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)