Anoreksiapasjinte nei Sweden

14 sep 2007 - 13:00
  • Saskia van Ruiten giet nei Sweden om fan har sykte ôf te kommen

Anoreksiapasjinte Saskia van Ruiten út Ljouwert giet dochs nei in spesjale klinyk yn Sweden om fan har sykte ôf te kommen. Dat seit Coby Sollie, de mem fan Van Ruiten yn de Ljouwerter Krante. Van Ruiten is slim siik en útbehannele yn Nederlân.

De spesjale behanneling yn Sweden kostet 150.000 euro. De fersekering fan Van Ruiten wol dat net betelje. It jild is troch in ynsammelaksje byinoar kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)