Anonym op hiv teste litte

23 nov 2013 - 10:34

It MCL yn Ljouwert en de GGD Fryslân biede minsken de kâns om anonym in hiv-test dwaan te litten. Yn de wike fan 2 oant en mei 6 desimber kin elkenien delkomme. Der moat wol in ôfspraak foar makke wurde, sadat it sikehûs ynskatte kin hoe drok oft it wurdt. It MCL docht dizze aksje nei de Wereldaidsdag, op 1 desimber. Neffens it MCL en de GGD is de drompel om in hiv-test te dwaan faak noch heech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)