Anonime kontrôle yn 'e bus

12 sep 2003 - 00:00

Unopfallende observanten sille de kwaliteit fan it busferfier yn de provinsje kontrolearje. It giet om in ûndersyk fan de provinsje dat in jier duorret. De ûndersikers ride anonym mei yn bussen fan Ariva yn Súdeast-Fryslân.

As it ferfier net yn oarder is, dan kin de ferfiersmaatskippij úteinlik in boete krije. Der binne 4 punten dêr't op letten wurdt: de stasjonsomjouwing, de binnen- en bûtenkant fan de bus en it gedrach fan de bussjauffeur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)