Anny Veenstra krijt priis

08 sep 2004 - 17:16

De Pyt van der Zee-priis giet dit jier nei Anny Veenstra fan Readtsjerk. Se krijt de priis foar har rezjywurk by it iepenloftspul fan Burgum. Har wurk is fan hege en konstante kwaliteit.

De trije-jierlikse provinsjale priis wurdt útrikt oan in persoan of organisaasje dy't in soad docht foar amateurtoaniel. De priis bestiet út in oarkonde en 2000 euro. Deputearre Mulder rikt de priis 25 novimber út. Yn 2001 wûn de Jeugdteaterskoalle de priis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)