Annemarie Jorritsma frijpleite

02 jul 2002 - 00:00

De beskuldiging oan it adres fan minister Jorritsma dat se subsydzje jûn hie oan it boubedriuw fan har man en sweager wie net terjochte. Dat hat ûndersyk fan 'e rekkenkeamer útwiisd.

Jorritsma hie sels om it ûndersyk frege, neidat it Algemeen Dagblad har fan belangeferstrengeling beskuldige. Neffens de rekkenkeamer hat Jorritsma gjin ynfloed hân op 'e subsydzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)