Annemarie Jorritsma folget Loek Hermans op yn Earste Keamer

24 nov 2015 - 20:05
  • Annemarie Jorritsma

Annemarie Jorritsma wurdt de nije foarsitter fan de VVD-fraksje fan de Earste Keamer. Sy waard moandei keazen foar de funksje troch har kollega-VVD-senatoaren. Jorritsma (65) folget Loek Hermans op. Dy stapte twa wiken lyn op as fraksjefoarsitter fanwegen wanbelied by thússoarchorganisaasje Meavita, dêr't er foarsitter fan de ried fan kommissarissen wie.

Jorritsma wie earder vice-premier yn it twadde pearse kabinet, minister fan ferkear en wettersteat, minister fan ekonomyske saken, boargemaster fan Almere en VVD-riedslid yn Boalsert.

Jorritsma giet fuortendaliks oan de slach yn har nije funksje yn de Earste Keamer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)