Annemarie Jorritsma bedrige

30 apr 2008 - 09:29
  • Annemarie Jorritsma

Fries om utens boargemaster Annemarie Jorritsma fan Almere hat oanjefte dien fan bedriging. Se die dat nei oanlieding fan in útstjoering fan Omrop Flevolân, wêryn't in ynwenner fan har gemeente sei dat er har ferneatigje soe.

Dizze man hat al jierren rúzje mei de gemeente Almere oer boufergunnings en yllegale keamerferhier. Earder die ek ien fan de wethâlders fan Almere al oanjefte tsjin deselde man.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)