Anneke Douma triuwt FNP-list

24 jan 2006 - 10:38

Sjongeres Anneke Douma is listtriuwer fan de FNP yn Ljouwert by de kommende gemeenteriedsferkiezings yn maart. Se stiet op it tritichste plak. Oanfierder fan de Ljouwerter FNP-list is hjoeddeistich riedslid Sybren Posthumus.

Wa't fierder opfalt op de list is de nûmer tsien, Frido Bokomo, dy't oarspronklik út de Demokratyske Republyk Congo komt. De FNP hat op it stuit ien sit yn de ried fan Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)