Anne Tjerkstra hâldt dermei op

10 des 2008 - 10:23
  • Anne Tjerkstra net mear oan it helmhout

Anne_Tjerkstra hâldt op as skipper by de SKS. Dat hat de 62-jierrige skipper tiisdei meidield oan de bemanning fan it Langwarder skûtsje. Hy tinkt dat er sjoen syn leeftyd gjin topprestaasjes mear leverje sil. Yn 1984 begûn Tjerkstra syn skipperskarriêre by de SKS op it Jouster skûtsje.

Tjerkstra hat 25 jier skipper west en is dêrmei de langst sittende skipper. Earder dit jier makke ek Ale Zwerver al bekend dat er in punt achter syn skipperskarriêre set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)