Anne Feddema wint Rink van der Veldepriis

17 feb 2016 - 16:54
  • Anne Feddema
  • De ferhalebondel De triennen fan Cheetah fan Anne Feddema
  • Alle nominearren, Feddema rjochts mei petsje op

Anne Feddema hat woansdei yn Drachten de Rink van der Veldepriis krige. Hy krige de erkenning foar syn ferhalebondel 'De triennen fan Cheetah' dy't yn 2014 útkaam.

De literêre Rink van der Veldepriis is yn it libben roppen troch de gemeente Smellingerlân en de Friese Pers Boekerij. In ûnôfhinklike sjuery hifket de boeken.

De sjuery fan de Rink van der Veldepriis is wakker te sprekken oer de moaie styl fan De triennen fan Cheetah: konfrontearjend en goed delsette personaazjes.

Oare nominearren foar de Rink van der Veldepriis fan dit jier wiene Willem Schoorstra, Johan Veenstra, Mindert Wynstra en Hylke Tromp.

Feddema wûn earder ek al de provinsjale prestizjeuze Gysbert Japicxpriis, mar doe foar in dichtbondel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)