Anna Zernike-ekspo Amsterdam

26 maaie 2014 - 10:55
  • Anna Zernike spile troch in aktrise yn in dokudrama fan Omrop Fryslân
  • Anna Zernike, skildere troch Jan Mankes

It Bibelsk Museum yn Amsterdam komt fan 6 juny ôf mei in eksposysje oer de earste froulike predikante fan Nederlân Anne Zernike. Yn 1911 waard sy, 24 jier âld, dûmny yn De Knipe.

De eksposysje giet oer it libben fan Anna Zernike en oer de froulju dy't ynfloed op har hân hawwe. De útstalling lit ek portretten sjen fan de predikante makke troch har man Jan Mankes. De eksposysje is te sjen oant en mei 13 oktober.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)