Anna van der Breggen wint Sintrumcross Surhústerfean

02 jan 2016 - 13:59
  • Anna van der Breggen
  • It poadium by de froulju

Fjildrydster Anna van der Breggen út Zwolle hat sneon de 21e edysje fan de Sintrumcross yn Surhústerfean op har namme skreaun. Van der Breggen kaam solo oer de streek en liet Helen Wyman út Ingelân efter har. Joyce Vanderbeken út België einige as tredde. Anouska Koster fan De Westereen einige as 18e.

De 21e edysje giet de boeken yn as in swiere kros, mei in soad modder fanwege de rein.

Earder op de dei riden ek de amateurs en de masters de Sintrumcross. Dêr wûnen respektyflik Eddy van IJzendoorn en Micha de Vries.

Letter ride de eliteriders en de beloften noch de Sintrumcross. Sy starte sneon om 14.30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)