Anna en Alida dochs slagge foar Havo-eksamen Bogerman

28 aug 2015 - 11:05
  • Eksamenkandidaten Frânsk op it Bogerman yn Snits

Twa learlingen fan it Bogerman kolleezje yn Snits binne lang om let dochs slagge foar it HAVO-eksamen. De learlingen Anna en Alida krigen foar de simmer yn earste ynstânsje te hearren dat se slagge wiene. Koart dêrnei die bliken dat de útslach fan it skeikunde-eksamen bysteld wurde moast. Dêrtroch foel it sifer leger út en wiene de famkes sakke.

Yn de simmer hawwe Anna en Alida hurd wurke om opnij eineksamen te dwaan. Dat hat fertuten dien. Anna en Alida binne no echt slagge en sille no beide begjinne oan it studintelibben.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)