Anky van Grunsven yn Droegeham

04 sep 2004 - 21:20

Anky van Grunsven en Leontien van Moorsel wiene sneon de grutte publykslûkers op it 25ste konkoers hippique yn Droegeham. Fanwege it jubileum hie it konkoers dit jier trije nasjonale kampioenskippen. Mar it publyk kaam dochs foar de twa gouden medaljewinneressen fan Atene.

Van Grunsven fersoarge twa dressuerclinics. Hurdfytster Van Moorsel rikte de prizen út oan de trije Nederlânske kampioenen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)