Ankers wegerje karate-Wesley

19 jan 2012 - 10:10

Wesley van W. is wegere troch it advokatekantoar Anker en Anker om him by te stean. Wichtich argumint dêrfoar is dat it ferneamde Fryske advokateduo op goede foet stiet mei AZ-trainer Gertjan Verbeek en direksjelid Toon Gerbrands.

Yn de bekerwedstriid tusken Ajax en AZ joech Wesley van W. doelman Esteban in karatetraap. De bekerwedstriid is dêrnei stillein.

In dei letter hat de 19-jierrige hooligan kontakt opnommen mei it Ljouwerter advokatekantoar. Tongersdei wurdt de bekerwedstriid opnij spile mei allinnich bern op 'e tribunes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)