Ankers hiere reklassearring yn

22 sep 2006 - 07:18

As iennige advokatekantoar yn Nederlân hiert Anker en Anker yn Ljouwert reklassearringsmeiwurkers yn. De reklassearring docht ûnder oare de begelieding fan minsken dy't foar in misdie feroardiele binne.

Gewoanwei docht Reclassering Nederland dat. Mar dêr kinne se it wurk net mear goed oan troch besunigings, sizze de Ankers. Dêrom hiere de advokaten âld-meiwurkers fan de reklassearring yn om rapporten te skriuwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)