Ankers feile in oere advys

25 jan 2013 - 14:14

De advokatebruorren Anker sille op freed 1 febrewaris in oere juridysk advys feile. De opbringst is foar de aksje Serious Request 2013. Wim en Hans Anker sille op de feiling yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert sels as feilingmasters optrede. It evenemint is it begjin fan in moanlikse aksje om jild yn te sammeljen.

It Serious Request-glêzen hûs mei de diskjockeys fan 3FM komt dit jier yn desimber op it Saailân yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)