Ankers dwaande mei Robert M.

05 mrt 2012 - 11:52

Advokaat Wim Anker steurt him bot oan de rjochtbank yn Amsterdam. Oer in wike set dêr de rjochtsaak tsjin pedofyl Robert M. útein. Hy wurdt fertsjintwurdige troch it Fryske advokatekantoar Anker & Anker. Robert M. wurdt derfan fertocht tsientallen bern seksueel misbrûkt te hawwen. It is ien fan de grutste saken ea foar it kantoar.

Yn totaal binne der seker 16 sittingsdagen en noch in tal reservedagen. Dêr wie in skema foar makke, mar dat hat de rjochtbank op it lêste momint folslein omgoaid.

Dat bringt ek de oare saken fan de advokaten yn de knipe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)