Anker Stuy Verven is Fryske ûndernimming fan it jier

19 apr 2016 - 20:58
  • Farvefabryk Anker Stuy Verven fan Terwispel hat de Fryske ûndernimmerspriis 2016 wûn

Farvefabryk Anker Stuy Verven fan Terwispel hat de Fryske ûndernimmerspriis 2016 wûn. It bedriuw krige de priis tiisdeitejûn yn de Alvestêdehal yn Ljouwert út hannen fan sjueryfoarsitter Sander de Rouwe.

Neffens de sjuery is it farvebedriuw in foarbyld foar hoe't oare bedriuwen mei ynnovaasje omgean moatte. Anker Stuy Verven is in famyljebedriuw dat al sûnt 1898 bestiet mar wol konstant oan it fernijen is, sa seit de sjuery.

Neffens sjueryfoarsitter De Rouwe soene Fryske bedriuwen folle mear dwaan kinne oan ynnovaasje en hy hopet dan ek dat de priis foar Anker Stuy Verven oaren ynspirearje sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)