Anker en Van der Goot 'net rouwich' om opstappen minister

10 mrt 2015 - 15:27
  • Tjalling van der Goot

Advokaten Wim Anker en Tjalling van der Goot hoopje dat de minsklike maat werom komt op it ministearje fan justysje, no't minister Opstelten en steatssiktaris Teeven opstapt binne. Anker en Van der Goot skriuwe yn in column op de webside fan har kantoar, dat se dêr net rouwich om binne. Neffens de advokaten ha de minister en de steatssiktaris mei har hurde opstelling frijwat skea oanrjochte.

Sa is der bot besunige op finzenissen en is der ek sleutele oan de rjochten fan detinearden. Al dy maatregels komme de rjochtssteat net ten goede.

De folsleine column fan de advokaten is te lêzen op de webside fan it kantoar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)