Ankelblessuere Van der Heide

11 okt 2007 - 13:12

SC Cambuur-middenfjilder Sandor van der Heide is tongersdei op de training blessearre rekke oan it ankel. It is noch net dúdlik hoe swier't de blessuere oan it ankel is. Dat sil de kommende dagen útsocht wurde. Van der Heide kaam krekt werom fan in blessuere oan de foet. Hy soe freed op de bank begjinne tsjin Go Ahead Eagles.

Ek Marc Mboua docht net mei tsjin Go Ahead Eagles. Hy spilet mei Jong Kameroen in ynterlân tsjin Jong Marokko.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)