Ankel Ritsma sa goed as better

29 okt 2003 - 00:00

Rintje Ritsma docht dit wykein wol mei oan de nasjonale ôfstânskampioenskippen op It Hearrenfean. Earder wie noch net wis oft de reedrider starte soe yn ferbân mei in brutsen ankel. Yn oerlis mei coach Gerard Kemkers is besletten dat er allinnich de 5 kilometer rydt.

As Ritsma de kommende dagen in weromslach krijt, lûkt er him wol werom. De reedrider bruts yn augustus syn ankel by it kitesurfen op 'e Iselmar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)