Anke Smilde wint FeRs 2003

19 maaie 2003 - 00:00

Anke Smilde fan Ryptsjerk waard it ôfrûne wykein Frysk kampioene foardragen. Smilde wie ien fan 'e 16 dielnimmers oan FeRs, de opfolger fan it eardere Ferstival. Anke, in learlinge fan groep 8 fan 'e Alphaskoalle, lies it fers 'Us mem en ik' fan Eppie Dam.

Sjoerdtje Slager út Mitselwier wûn de twadde priis en Wilmke Boersma fan Wommels de tredde priis. Wout Zylstra tilde alle dielnimmers yn ien kear op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)