Anjumer rydbewiis kwyt

24 okt 2009 - 15:10

In ynwenner (18) fan Eanjum moast freedtejûn op de Hurddraversdyk yn Dokkum syn rydbewiis ynleverje. Hy ried dêr 113 kilometer yn 'e oere, wylst de maksimumsnelheid dêr 50 is.

De plysje stie op dat plak de snelheid te kontrolearjen, omdat der in soad klachten wiene oer te hurd riden op dat stik dyk. De Anjumer koe syn auto en rydbewiis ynleverje en krige ek in proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)