Anjum posityf oer nijbouplannen

15 feb 2005 - 19:27

It doarp Anjum krijt 50 nije wenten, in bedriuweterrein en de supermerk wurdt ferpleatst. Mei dy plannen komt in projektgroep foar de werynrjochting fan Anjum. It doarp hat posityf reageard.

De nije hûzen komme op it plak fan 16 ferâlderde bejaardewenten, dy't sloopt wurde. Fierder komt der in nije wenwyk en komme der wen-wurk-lokaasjes op it nije bedriuweterrein. Yn it sintrum fan Anjum komme 16 soarchapparteminten foar de âlderein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)