Anjer foar Elske DeWall

02 des 2011 - 18:01

Sjongeres Elske deWall hat freedtemiddei de Fryske Anjer yn it Ljouwerter provinsjehûs yn ûntfangst naam. Dat is in priis, dy't it Prins Bernhardkultuerfûns alle jierren útrikt.

Gewoanwei is de Anjer in oeuvrepriis, mar dit jier woe it bestjoer de Anjer oan Elske DeWall jaan fanwege har eigen styl, persoanlikheid en ynset foar de Fryske kultuer. Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma oerlange de priis. Hy is foarsitter fan it Prins Bernhardkultuerfûns. Under de oanwêzigen wie in soad famylje fan de sjongeres.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)