Anita Looper wint 5 km op NK

11 jul 2004 - 12:24

Anita Looper fan Aldeberkeap hat sneon it Nederlânsk kampioenskip hurdrinnen oer 5 kilometer op har namme skreaun. Se die dat op it Nederlânsk kampioenskip atletyk yn Utrecht. Har tiid wie 16.09,04. It wie foar it earst dat se in baantitel helle. Op in earder NK waard se wol ris 1e op de 5 km cross.

José van der Veen, oarspronklik fan Drachten, komt snein yn aksje op de 800 meter. Ek sy hopet dêrby in medalje yn de wacht te slepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)