Animo opera Nijetrine is grut

27 jul 2014 - 10:42
  • Argyffoto fan opera Nijetrine

Hast alle 2500 tagongskaarten foar de opera yn Nijetrine binne útferkocht. De tsien iepenloftfoarstellings fan it stik 'Opera Passé' wurde tusken 12 en 23 augustus yn natuergebiet de Rottige Meenthe opfierd. De kaarten kostje 90 euro it stik. It is neffens Frits van Servellen fan Opera Nijetrine gjin unikum dat de operafoarstelling útferkocht is. De stichting organisearret al 14 jier leechdrompelige opera's yn Nijetrine en alle jierren binne de kaarten útferkocht.

De tariedings foar de 15e edysje takom jier binne ek al yn folle gong. Dat wurdt in spesjale edysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)