Animo neisoarch wurdt minder

11 nov 2012 - 13:28
  • Ljipaai

BFVW-foarsitter Mark Brouwer makket him soargen oer it ôfnimmende animo om oan neisoarch te dwaan. Dat komt neffens him troch de regeldruk. Aaisikers moatte mei SMS-kes byhâlde hoefolle ljipaaien se meinimme. Troch datsoarte fan saken krijt de motivaasje fan aaisikers en neisoargers in tik.

Der moatte perfoarst gjin nije regels en beheinings mear by komme, fynt Brouwer. It soe neffens him hiel sneu wêze as it BFVW oan betsjutting ferliest troch de regeljouwing. It BFVW fiert moandei it 65-jierrich jubileum yn Earnewâld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)