Animo foar wurk fertreksintrum

13 apr 2004 - 00:00

Personiel fan it COA hat ynteresse foar wurk by it nije fertreksintrum yn Dokkum. Der binne al 40 ynterne sollisitaasjes, mar der binne noch gjin fakatueres. Op tal fan plakken yn Nederlân wurde AZC's sluten. Dêrtroch komt binnen de organisaasje in soad personiel frij.

It asylsikerssintrum yn Dokkum soe earst ek ticht. De gemeente hat mei it COA in oerienkomst tekene om it sintrum om te foarmjen ta fertreksintrum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)